Klublied

As freedtenacht ferdwynt en saterdei begjint
en it klokje langsum nei de wedstriid rint.
Dan stiet de sporter yn de Feanster al wer klear
want it fuotbal is sa moai ja kear op kear.

As ien steane wy Feansters foar ús fuotbalklup,
en sjonge meinnoander ’Fean kom op, kom op, ja hup ’!

It blaue fuotbalhart sit altyd fol mei striid
ek al is it fjild ôfgryslik droech of wiet.
Al falt it wetter ek mei bakken op ús del
in fuotbalwedstriid jout wer altyd pikefel.

As ien steane wy Feansters foar ús fuotbalklup
En sjonge meinnoander ’Fean kom op, kom op, ja hup ’!

Kearsang
As de ôlve spilers wer it griene gers op gean
yn de blau wyt reade fuotbalklean,
en de supporters rûnom ’t fuotbalfjild wer stean.
Sa ’n moaie klup ja dat is ús Fean

Komme wy ris net oan scoren ta,
nei de wedstriid wolle wie ’t gesellich ha.
’t Fean ’58 is myn kluphûs altyd west ’,
mei syn allen, no dan bin wy op ús bêst !

As ien steane wy Feansters foar ús fuotbalklup
En sjonge meinnoander ’Fean kom op, kom op, ja hup ’!

Kearsang
De eigen kweek, mar ek gesellichheid,
dat bynt ús Feansters en dat wol wy noait wer kwyt.
Mei syn allen steune wy de kleuren blau -wyt -read
it blaue fuotbalhart dat sit der net foar neat.

Kearsang (2x)

Tekst -muzyk -arranzjemint: Adri de Boer
Sang: Jan Lammers

Oanbean troch De Swetstafel

December 2007


Lange versie

Korte versie